Winkeldieven yn Ljouwert pakt

19 okt 2012 - 21:06

De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei yn de Jacob Marisstrjitte trije winkeldieven oanhâlden. It giet om in 26-jierrige Ljouwerter en twa Grinslanners fan 15 en 17 jier. De dieven hiene meiwurkers fan in supermerk yn de Van Loonstrjitte bedrige en naaiden út mei net betelle boadskippen.

De meiwurkers bellen 112. Op harren flecht foar de plysje fernielden de dieven in soad saken. Se besochten oer dakken oan de plysje te ûntkommen. Nei in lange efterfolging koe de plysje de trije manlju oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)