Winkeldieven út Litouwen pakt

28 aug 2014 - 10:09
  • Plysje oanhâlding

De plysje yn Harns hat woansdei trije winkeldieven oanhâlden. De Litouwers fan 22, 23, en 26 jier hiene by in supermerk ferskate spullen stellen. Winkelmeiwurkers joegen oan de plysje it sinjalemint fan de dieven en in beskriuwing fan harren auto troch.

De plysje seach de auto letter riden op de Suderhaven. Yn de auto fûn de plysje tassen mei stellen guod. Mooglik hat it trio ek by in supermerk yn Boalsert guod stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)