Winkeldieven Sint Anne pakt

09 apr 2009 - 09:59

De plysje hat woansdei yn Sint Anne twa manlju oanhâlden, dy't fertocht wurde fan stellerij út in winkel. It giet om twa ynwenners fan it doarp, fan 23 en 28 jier âld. Se waarden betrape troch it personiel fan de winkel.

By it ûndersyk fan de plysje die bliken dat de twa in tas en jas by har hienen dy't geskikt makke wienen foar winkelstellerij. Fanwege it ûndersyk sitte de twa manlju noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)