Winkeldieven pakt op 't Fean

20 okt 2012 - 14:28

Twa winkeldieven binne freed op It Hearrenfean oanhâlden. De man en frou fan 32 en 20 jier út Wolvegea waarden op 'e die trapearre troch in meiwurker fan in elektroanikasaak. Dy seach de frou mei twa televyzjes út syn winkel bûtendoar rinnen, wylst er wist dat se dy dei gjin televyzjes ferkocht hiene.

De man pakte de frou de apparaten ôf. Se naaide út nei in auto dêr't de man yn siet. Om't de meiwurker it kenteken opskreaun hie, koe de plysje it twatal oanhâlde. Yn de auto lei ek in stellen stofsûger. De man hie boppedat gjin rydbewiis.

De auto is yn beslach naam, de beide dieven sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)