Winkeldieven oanholden

15 okt 2010 - 11:51

De plysje hat tongersdei twa manlju en in frou oanhâlden om't se by in oantal winkels yn Ljouwert guod stellen ha. It giet om twa mannen fan 33 en 34 en in 25-jierrige frou út Roemenië. De trije foelen op om't se har by de winkels wat frjemd gedroegen.

De plysje koe it trijetal oanhâlde doe't se yn in auto op it Kealledykje rieden. Yn de auto leine meardere spikerbroeken en mear as 40 parfumfleskes. Se binne oanhâlden en sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)