Winkeldieven oanhâlden

03 des 2010 - 10:27

De plysje hat by Drachten twa winkeldieven oanhâlden. It giet om in ynwenner fan Drachten en ien fan Burgum. De twa waarden oanhâlden nei't se yn in winkel yn Stiens klean stellen hiene. De winkeleigner joech it kenteken fan 'e auto troch oan de plysje. Dy gie nei de twa op syk en koe harren by Drachten oanhâlde.

Yn de auto waarden neist de klean út Stiens ek noch oare klean fûn dy't nei alle gedachten stellen binne. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)