Winkeldieven oanhâlden

10 okt 2007 - 11:04

Op 'e Lemmer binne tiisdei in man (53) en in frou fan Ychtenbrêge oanhâlden op fertinking fan winkeldieverij. De frou waard betrape yn in winkel oan de Lemster Lijnbaan. De eigner fan de winkel woe de frou fêsthâlde, doe't de man fan de fertochte der by kaam.

De frou naaide doe út en de man ried fuort yn 'e auto. Mar de plysje hâldde de man oan. Yn 'e auto waarden tassen mei stellen guod fûn. De frou waard letter oppakt by de bushalte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)