Winkeldieven oanhâlden

25 aug 2006 - 11:36

De plysje hat dizze wike yn Wolvegea twa manlju út Georgië oanhâlden fanwege winkeldieverij. In plysjeman hie sjoen dat de twa guod stellen by in drogisterij. Hy koe ien fertochte oanhâlde, de oare waard letter op it stasjon pakt.

De twa hiene foar mear as 700 euro oan stellen guod by har. Se hiene in spesjale tas, dy't foarkaam dat yn in winkel it alarm ôfgie. De fertochten wurde it lân útset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)