Winkeldieven krije it swier

17 jul 2012 - 21:00

It wurdt foar winkeldieven dreger om noch wat te stellen yn de binnenstêd fan Ljouwert. Mei de ûndertekening fan in konvenant is no de folsleine binnenstêd oanwiisd as gebiet dêr't dieven in winkelferbod krije kinne. Ek minsken dy't in kroech útset wurde ha mear kâns op in folslein útgeansferbod. Earder wiene der mar in pear strjitten oansletten, lykas de Wurdumerdyk, de Nijstêd en it Saailân. No falle alle strjitten binnen de grêften ûnder de strangere ôfspraken.

Fierder wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat kroegen en snackbars in oere earder ticht gean. Dat is no 6 oere, mar dat wurdt 5 oere. Doel is om de oerlêst op strjitte te beheinen. Foaral by snackbars is it dan drok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)