Winkeldief trapearre

06 des 2007 - 09:46

De plysje hat woansdei op 'e Gordyk in frou (63) fan De Lemmer oanhâlden foar winkeldieverij. De frou besocht in folle winkelwein mei in wearde fan mear as 240 euro sûnder te beteljen mei te nimmen. Dat waard sjoen troch in kassiêre, dy't de frou oanhâlde.

De fertochte besocht noch te ûntkommen, mar dat slagge net. De frou hat it guod dat se meinimme soe, weromjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)