Winkeldief smyt mei wodka

26 nov 2008 - 10:22

In winkeldief hat tiisdei in stellen fles wodka nei in meiwurker fan de winkel goaid. Dat wie oan it Ockingahiem yn Frjentsjer. De meiwurker siet achter de dief oan, doe't se sjoen hie dat er de drankflesse sûnder te beteljen meinommen hie.

De dief, in 25-jierrige ynwenner fan Skarsterlân, miste de winkelmeiwurker op in hier nei. De plysje hat de Skarsterlanner meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)