Winkeldief pakt op 'e Jouwer

23 des 2007 - 14:03

Personiel en klanten fan in supermerk op 'e Jouwer ha sneon in winkeldief pakt. De 34-jierrige Snitser besocht mei in folle winkelkarre de supermerk út te rinnen. In meiwurker seach dat en spruts him oan.

De Snitser waard agressief en bedrige de meiwurker. Hy liet doe de winkel- karre stean en naaide út. Meiwurkers en klanten giene achter him oan en pakten him. Nei ferhoar en proses- ferbaal koe de Snitser nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)