Winkeldief oppakt yn Ljouwert

21 des 2008 - 15:12

In meiwurker fan de Mediamarkt yn Ljouwert is sneon ferwûne rekke neidat er in winkeldief oanholden hie. De meiwurker en in kollega hiene de dief, in 27-jierrige Ljouwerter, trapearre doe't er besocht in I-pod te stellen.

De man waard oanholden. Op it momint dat se de Ljouwerter meinimme woene, begûn er te slaan. Om't de dief yn de mouwe in fytsslot en oar ark hie, rekke de meiwurker dêrby ferwûne. De Ljouwerter dief is oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)