Winkeldief oanholden

26 sep 2009 - 13:46

In Burgumer winkeldief (24) is freedtemiddei yn Ljouwert op Achter de Hoven troch de plysje oanholden. De man hie earder dy middei guod stellen út in winkel oan de Skrâns. Hy waard dêrby betrape en bedrige doe it personiel.

De Burgumer naaide út en fia 1-1-2 waard syn sinjalemint trochjûn. Op basis dêrfan koe de man letter oanholden wurde. Hy hie in tas by him dy't spesjaal makke wie foar it ferbergjen fan stellen guod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)