Winkeldief oanhâlden

01 sep 2011 - 09:31

In Ljouwerter winkeldief is woansdei op syn flecht yn botsing kaam mei in motorrider. De man (40) naam iten wei by in supermerk oan de Emmakade en naaide út sûnder te beteljen.

Winkelmeiwurkers warskôgen de plysje. De man fytste mei in gong nei de krusing fan de Oosterkade en de Wybrand de Geeststrjitte, mar fleach boppe op in motorrider (24). Beiden foelen, de winkeldief naaide út de wyk yn. Dêr koe de plysje him oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)