Winkeldief herkend yn Drachten

11 maaie 2008 - 15:35

De plysje hat sneontemiddei in frou (30) út Drachten oanholden foar dieverij. De frou waard yn in winkel oan it Mûnein troch in meiwurkster herkend as de dief fan ferskate klaaiïngstikken in wike earder.

Doe wie se net op de die betrape, mar wie se letter wol op kamerabylden te sjen. Ek dit kear die de frou ferskate klaaiïngstikken yn har tas en woe se sûnder te beteljen de winkel ferlitte. Se waard tsjinhâlden troch it personiel en oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)