Winkeldief drok op It Amelân

14 jun 2015 - 12:40
  • Stellerij

Winkellju op It Amelân hawwe dit wykein flink wat lêst hân fan in winkeldief. It gong om in frou út Smellingerlân. Sy hat yn alle gefallen by trije winkels wat stellen. By in pear oare winkels besocht se guod mei te nimmen, mar dat mislearre. Fan ien gefal wiene dúdlike kamerabylden en de plysje hie dêrtroch in goed sinjalemint. Plysjeminsken seagen har sneintemoarn op de Reeweg. Sy is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)