Winkeldief bedriget personiel

28 mrt 2005 - 12:38

De plysje krige sneontejûn in melding dat in man betrape wie by winkeldieverij oan de Emmakade yn Ljouwert. Hy hie dêrby it personiel bedrige en wie hurd útnaaid.

De plysje seach de man op de krusing fan de Kanaalstrjitte mei de Emmakade. Hy gong op 'e fyts fierder yn de rjochting fan de Oostergrachtswal. Uteinlik waard de man (35) oanholden op de Gedempte Keizersgracht. Hy hie messen en stellen winkelguod by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)