Winkelbedriuwen yn Balk bestean hûndert jier

06 nov 2015 - 20:13

Twa winkelbedriuwen yn Balk fiere dit wykein harren 100-jierrich bestean en dat ek noch altyd ûnder de eigen namme: 'Het Geschenkenhuis' en 'Jongsma & Zn Totaal Wonen'. Opmerklik, yn in tiid dêr't de detailhannel mar amper de holle boppe wetter hâlde kin. Boppedat wurdt it strjitbyld hast oeral bepaald troch lanlike filialen.

Sneon is foar beide bedriuwen it feestlik hichtepunt fan it jubileum, wêrby ek de histoaryske etalaazjes in wichtige rol spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)