Winkel ticht om plysjeûndersyk

11 feb 2008 - 17:18
  • Ferskate winkels bleaune moandei ticht (foto Michel van den Berg)

In soad bedriuwen yn de omjouwing fan De Brol yn Ljouwert binne moandei dem hiele dei ticht bleaun fanwege it spoare-ûndersyk nei de sjitpartij. Nei ferwachting duorret de ôfsetting fan it gebiet noch oant let yn de jûn.

De lektuerhal, mar ek in sekswinkel en oare saken koene gjin klanten ûntfange omdat de plysje de hiele dei dwaande wie met it feilich stellen fan oanwizigingen oer de gewelddiedige dea fan Tevfik Igli.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)