Winkel Snits stiet fol reek

13 jun 2006 - 21:50

Yn in kleanwinkel fan WE oan de Oosterdijk yn Snits wie tiisdei koartsluting. It gefolch wie in fûle reekûntwikkeling. Klanten en personiel binne gau út de winkel útgien. Twa autospuiten fan de brânwacht hawwe by de winkel west, mar echt brân hat der lykwols net west.

De winkel is no ticht. It net dúdlik hoefolle skea der oan de klean. Ek is noch ûnbekend hoelang't de winkel tichtbliuwe sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)