Winkel Grou ticht nei oerfal

30 sep 2009 - 22:24
  • De winkel giet ticht

De Grouster ûndernimmer Anja Steegstra slút har winkel Woods&Stuff. Steegstra waard begjin dit jier bestellen troch in oerfaller mei in mes en dêr komt se net los fan.

Der waard in fertochte oanhâlden, mar dy is frijlitten fanwege gebrek oan bewiis. De psychyske klachten hawwe sa'n grut effekt op har gesin dat se ferhuzet nei in oar plak. De oerfal makke in soad emoasjes los by de Grouster middenstân. It wie de earste winkeloerfal yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)