Winkel en huzen yn Bitgummole

15 sep 2003 - 00:00

Bitgummole hat oer in pear moannen wer in supermerk. De lêste winkel sleat yn 1999 de doarren. Buertsuper Troefmarkt tinkt in sûn bedriuw te begjinnen. De earste kontakten mei in ûndernimmer binne der al. De supermerk hat koarting krigen op de grûnpriis fan de gemeente Menameradiel om út te kinnen.

De plannen binne moandei presintearre mei ek in werynrjochtingsplan foar it gebiet deromhinne by de basisskoalle. Der wurde ek fiif senioarehuzen boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)