Windmillcup út Ljouwert wei

25 mrt 2011 - 16:21
  • Dielnimmers oan de Windmillcup (foto: Omrop Fryslân)

It grutte ynternasjonale jeugdtennistoernoai Windmillcup sil tenei yn Velp hâlden wurde. De wedstriid foar jong tennistalint waard tweintich jier lang yn Ljouwert hâlden.

De organisaasje yn Ljouwert koe it finansjeel net mear foarinoar krije en dêrom kin it net mear yn Ljouwert. De reden dêrfoar is dat de dielnimmende bern net mear yn gastgesinnen ûnderbrocht wurde meie fan it ynternasjonale tennisbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)