Windmillcup sûnder gastâlders

12 jul 2010 - 12:07
  • De dielnimmers wurde aanst yn hotels ûnderbrocht

De windmillcup yn Ljouwert mei fan oare jier ôf net langer gebrûk meitsje fan gastâlders om de jonge tennissers op te fangen. It toernoai foar bern ûnder de 14 wurdt dit jier foar de tweintichste kear hâlden.

Om't it toernoai in goed wike duorret en de bern rûnom fan de wrâld komme, moatte se ek earne oernachtsje. By de windmillcup waard dat altyd dien troch allegear gastâlders. It ynternasjonaal tennisbûn fynt soks te gefaarlik en wol dat de bern yn hotels sliepe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)