Windmill Cup yn Ljouwert

24 jul 2006 - 12:21

De finales fan de Windmill Cup waarden snein hâlden yn Ljouwert. De Windmill Cup is in tennistoernoai foar talinten oant 14 jier út de hiele wrâld.

De oerwinning gie by de famkes nei Anastasia Mukhametova út Ruslân. Sy wûn mei 6-1, 0-6 en 6-3 fan Albina Khabibulina út Oezbekistan. Filip Krajinovic út Servië wûn it toernoai by de jonges. Hy wie mei 6-4 en 7-5 te sterk foar Henri Laaksonen út Finlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)