Windmill Cup moandei begûn

13 jul 2004 - 09:49

Moandei is yn Ljouwert foar de 14de kear de Windmill Cup begûn. Oan dit toptoernoai foar tennissers oant en mei 15 dogge dit jier 160 tennissers mei fan alle kontinenten. Der is dit jier ien Fryske dielnimmer; Joost Vogel fan tennisklub DLTC yn Drachten.

It toernoai op tennispark De Molen duorret oant en mei snein 18 july. Ferskate toppers fan no lykas Leyton Hewitt en Kim Cleijsters diene yn it ferline oan de Windmill Cup mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)