Windlust yn Boerum draait wer

28 aug 2014 - 16:08
  • De weropboude mûne Windlust yn Boerum nei de brân
  • De sinne skynt wer foar de mûne yn Boerum
  • Alles waard sa orizjineel mooglik opboud

Mûne Windlust fan Boerum is wer yn bedriuw. De histoaryske mûne baarnde dik twa jier lyn folslein ôf. It doarp sette him dêrnei bot yn foar de weropbou. Der is besocht om de mûne sa orizjineel mooglik wer op te bouwen.

De bou fan de mûne hat mei-inoar goed 1 miljoen euro koste. It is de bedoeling dat de mûne faak draaie sil en dêrom binne der ferskate nije mûners oplaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)