Wind wint Van der Velde-priis

24 feb 2006 - 11:41

Harmen Wind is de winner wurden fan de Rink van der Velde-priis 2006. Hy krijt de priis foar syn autobiografyske roman 'It Ferset'. De priis waard woansdei útrikt yn it gemeentehûs fan Drachten.

De Rink van der Velde priis is bedoeld foar oarspronklik en nij Frysk proaza. It moat skreaun wêze yn de geast fan Rink van der Velde, dat wol sizze folksaardich en bestimd foar in breed publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)