Wind winner survivalsirkwy

03 jun 2007 - 19:13
  • Kerst Wind yn aksje op 'e Knipe (foto Martin de Jong)

Kerst_Wind fan Ychtenbrêge is winner wurden fan de Nederlânske survivalkompetysje. Yn de op ien nei lêste wedstriid fan it seizoen waard er de winner op De_Knipe. Dêrtroch kin er net mear efterhelle wurde yn it Top Survival Sirkwy.

Wind wûn oant no ta op ien nei alle wedstriden. Op De_Knipe hie Wind konkurrinsje fan Danny_Hagebeek út Oerterp. Dochs bleau Wind him hieltyd in minút foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)