Winamer fibula hat útsûnderlik heech goudgehalte

28 maaie 2015 - 19:09

It goud yn de goudskat fan Dronryp en de fibula fan Winaam is folle suverder as oare stikken út dy tiid. Dat hat bliken dien út ûndersyk fan it Nationaal Lucht- en Ruimtevaartlaboratorium. De fibula bestiet út 23-karaats goud, wat hiel suver is. Ek de goudskat fan Dronryp, mei ûnder oare in gasp, hinger, goudkerrels en munten, is ûndersocht. De gasp bestiet foar 93% út puer goud, dat is 22 karaats.

De oare parten fan de goudskat binne krekt wat minder suver.

Normaal sprutsen is goud út de midsieuwen, dêr't dizze stikken ek út binne, net sa suver, om't goud en sulver faak mingd waarden. De folsleine útkomsten wurde 6 juny presintearre yn it Fries Museum, tagelyk mei in nije tentoanstelling oer goud út de midsieuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)