Winaam wol gjin parkearfinjet

31 okt 2013 - 12:32
  • Achlumerhof Harns

Doarpsbelang Winaam hat woansdei by de kommisjegearkomste fan de gemeente Harns it fersyk yntsjinne om har doarp te warjen tsjin it parkearfinjet. It finjet dat freed offisjeel fan krêft is, hat as doel oerlêst fan parkearde auto's fan eilângasten yn Harnzer wenwiken tsjin te gean. Doarpsbelang Winaam fynt it parkearfinjet lykwols net relevant foar Winaam.

It finjet moat fan freed ôf achter it autorút lein wurde en jildt foar alle ynwenners dy't bûten it betelle parkeargebiet wenje. Gasten moatte in parkearkraskaart brûke.

In finjet kostet 2,50 euro. Foar de parkearkraskaart moatte gasten per kear fytich sint betelje. Gemeente Harns behannelet it fersyk fan doarpsbelang Winaam op 13 novimber en nimt dan in definityf beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)