Winaam wol in fiskfiver mei forellen en karpers

02 jan 2015 - 08:58
  • Karper fisk

Der moat in fiskfiverpark komme by Winaam. Floris Sinnema en Siebe Palmhoven binne al trije jier dwaande om dat foar elkoar te krije. It doel is om fivers oan te lizzen dêr't minsken op forel en karper fiskje kinne. It plan krijt hieltyd mear foarm. It is yntsjinne by de gemeente en oant no ta binne der wol in pear beswieren binnenkaam, mar Sinnema en Van Palmhoven hoopje dat se foar de simmerfakânsje begjinne kinne mei de oanlis fan de fivers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)