Win in winkel op De Gordyk

06 okt 2013 - 11:49

Nije ûndernimmers kinne op De Gordyk in healjier lang in winkel winne. Dizze opmerklike priis giet nei it bêste ûndernimmersplan. It doel fan de organisearjende projektgroep 'Boost Gorredijk' is om De Gordyk oantrekliker te meitsjen en leechstân fan winkels yn it doarp tsjin te gean.

De ûndernimmersplannen kinne oant heal novimber yntsjinne wurde. It winkelpân dat wûn wurde kin, is dat oan de Haadstrjitte nûmer 19. De winner wurdt bekend makke op de nijjiersresepsje fan de gemeente Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)