Wim Stroetinga wer twadde

16 maaie 2013 - 18:43

Wim Stroetinga is yn de tredde etappe fan Olympia's Tour opnij twadde wurden. Dat barde tiisdei ek al yn de etappe nei Hoofddorp. Krekt as yn de etappe fan tongersdei nei Gendringen wie Jeff Vermeulen de rapste yn de massasprint. Vermeulen is ek de nije klassemintslieder. Stroetinga is 21e. Freed giet it peloton de heuvels fan Limboarch yn. Sneon wurdt Olympia's Tour ôfsletten mei in tiidrit oer krapoan 14 km en in omloop yn Reuver fan 80 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)