Wim Stroetinga wer kampioen

29 des 2008 - 16:54

Wim Stroetinga helle moandei syn twadde Nederlânske titel by it baanhurdfytsen yn Apeldoorn. De ynwenner fan Aldeberkeap wie yn de finale fan de yndividuele achterfolging te sterk foar Jens Mouris. Stroetinga die oer de 4 kilometer 4.33.093. Mouris hie in lytse trije sekonden langer wurk.

It wie foar Wim Stroetinga de twadde titel op de nasjonale baankampioenskippen. Snein waard er kampioen op de puntekoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)