Wim Stroetinga rekket titel yn Bremen kwyt

14 jan 2015 - 07:54
  • Wim Stroetinga

Hurdfytser Wim Stroetinga is tiisdeitejûn mei syn Dútske maat Leif Lampater tredde wurden yn de seisdaachse fan Bremen. Se moasten de winst litte oan de Dútsk-Deenske kombinaasje Marcel Kalz en Alex Rasmussen dy't in rûntsje foarsprong nommen hiene. Stroetinga en Lampater wiene titelferdigeners yn Bremen, mar koene harren titel net prolongearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)