Wim Stroetinga pakt trettjinde winst yn Olympia's Tour

16 maaie 2015 - 18:14
  • Wim Stroetinga wint foar de 13de kear in etappe yn Olympia's Tour

Hurdfytser Wim Stroetinga hat sneon syn trettjinde winst pakt yn Olympia's Tour. Hy komt dêrmei op likense hichte mei it rekôr fan John den Braber, dy't yn de âldste rittekoers fan Nederlân ek trettjin oerwinnings helle.

Stroetinga wie sneon de rapste yn de massasprint yn Delft. De âld-ynwenner fan Aldeberkeap bleau de Switsers Théry Schir en Tom Bohli foar. It wie al wer de tredde ritoerwinning foar Stroetinga yn dizze koers. Earder wûn er yn Oerterp en Reuver.

Jetse Bol hâldt mei noch ien etappe te gean de lieding yn it klassemint fan Olympia's Tour. Snein wurdt de tour ôfsletten mei in etappe yn de omkriten fan Rijswijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)