Wim Stroetinga dochs nei WK

17 mrt 2009 - 22:36
  • Wim Stroetinga nei it WK

Wim_Stroetinga docht takom wike dochs mei oan it WK baanhurdfytsen yn Poalen. De ynwenner fan Aldeberkeap, dy´t sûnt jannewaris foar it ProTour team fan Milram op ´e dyk rydt, hat tastimming fan syn ploechlieding krigen.

Wim_Stroetinga is de ferfanger fan de blessearre Peter_Schep. Op it WK yn Pruszkow komt er mei Pim_Ligthart yn aksje op de koppelkoers. Ek rydt hy it ûnderdiel scratch. Yn 2007 en 2008 helle hy dêrop de sulveren medalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)