Wim-Jan Renkema wurdt bestjoersfoarsitter ûnderwiiskoepels

18 des 2015 - 14:44

Wim-Jan Renkema wurdt de nije bestjoersfoarsitter fan ûnderwiiskoepels De Basis en Primus. Renkema folget Teunis Wagenaar fan De Basis en Wilma van de Venn fan Primus op. Van de Venn bliuwt noch oant de simmer om de oergong te regeljen.

Beide skoalkoepels wurkje al in skoft gear, mar dat wreidzje se no út mei ien mienskiplike direksje. Dêrtroch feroaret ek de ried fan tafersjoch. Dy bestiet daliks út Luc Greven (foarsitter), Halbe Spanjer, Marita Jansen, Gerlotte Majoor, Allard Zandstra en Maaike Huisman.

Renkema begjint op 15 maart oan syn nije bestjoersfunksje. Hy is no noch rektor op it Bogerman yn Snits. Ek is er tafersjochhâlder by de Friese Poort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)