Wilma Mansveld op Skylge

13 jun 2014 - 13:03
  • Schokker, Bats en Mansveld oan board fan De Brandaris
  • Rêdingsboat 'Brandaris' ûnderweis nei Skylge

Steatssiktaris Wilma Mansveld fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu hat krektlyn de restaurearre rêdingsboat 'Brandaris' op Skylge yn gebrûk nommen. Om dat barren ekstra feestlik te meitsjen, waarden ûnder Skylge ek fiif generaasjes rêdingsboaten presintearre. De Brandaris is fan 1923 en is fan de tredde generaasje.

De boat wie de opfolger fan de eardere Brandaris dy't yn 1921 boppe Flylân sonk. Foar steatssiktaris Mansveld wie it har alderearste besite oan it Waadeilân.

Dat is op himsels al opmerklik, want de steatssiktaris hat har de ôfrûne tiid yngeand dwaande hâlden mei de 'fearboatoarloch' tusken Rederij Doeksen en de EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)