Willemshaven wurdt Cruise Port Harlingen

15 des 2014 - 20:14
  • In ympresje fan Cruise Port Harlingen

Der wurdt de kommende trije jier mear as 5 miljoen euro ynvestearre yn it opknappen fan de Willemshaven fan Harns. Fjouwer miljoen troch de provinsje en it oare part troch Harns. Der wurdt rekken hâlden mei partikuliere inisjativen mei in wearde fan mear as 15 miljoen euro.

Sa leit der al in plan foar in jachthaven en wettersportsintrum. De pakhuzen wurde opknapt en der komt in oanlisplak foar cruiseskippen fan mear as twahûndert meter lang. It gebiet krijt de namme Cruise Port Harlingen.

De skeppe giet yn april de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)