Willems en Alexanders fergees

24 apr 2003 - 00:00

Alle Willems en Alexanders, nammegenoaten fan de Prins fan Oranje, meie snein fergees it Frysk Museum en it Prinsessehôf yn Ljouwert yn. Dêrmei fiert it museum de jierdei fan Willem Alexander, dy't snein 36 jier wurdt.

Yn museum it Prinsessehôf is op dit stuit de útstalling de Fryske Nassaus te sjen. Underwerp is de skiednis fan de Fryske tûke fan de Nassaus dy't oan de oarsprong steane fan it hjoeddeiske Nederlânske keningshûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)