Willem Spoelhof hastich stoarn

07 jan 2014 - 17:11
  • Willem Spoelhof hastich ferstoarn

It riedslid Willem Spoelhof fan Frjentsjerteradiel is tiisdei samar ynienen ferstoarn. Dat lit de gemeente witte. VVD-er Spoelhof siet sûnt 2012 yn de rie, mar wie dêrfoar ek al in tal kearen aktyf as riedslid. Ek wie er in tal jierren foarsitter fan doarpsbelang yn syn wenplak Tsjummearum en wie er bestjoerslid fan de Federaasje fan Doarpsbelangen Frjentsjerteradiel. Spoelhof is 71 jier wurden.

Fanwege it ferstjerren fan Spoelhof giet de gearkomste fan de gemeentlike riedskommisje fan kommende tongersdei net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)