Willem II-fans komme op 'e fyts

02 aug 2006 - 22:18

Trije jonge fanatike supporters fan Willem II sille op 'e fyts nei de wedstryd Hearrenfean-Willem II. Op freedtejûn 25 augustus om seis oere sette se ôf út Tilburg.

De mear as 200 kilometer lange fytstocht wurdt makke om't de supporters hast gjin fertrouwen mear hiene yn har klub. Harren biedwurd is: bij lijfsbehoud van Willem II fietsen wij naar Heerenveen. En sa komt it dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)