Willem Hut dochs nei skeeler-EK

22 jul 2003 - 00:00

De Nederlânske skeelerploech dy't it kommende wykein begjint oan it Europees kampioenskip skeelerjen yn Italië like in dielnimmer kwyt te reitsjen. Willem Hut fan Haulerwyk gie mei it trainings- kamp de ôfrûne wike yn Purmerend ûnderút. De 20-jierrige skeeleneur kin it EK op 'e piste ferjitte, mar is noch wol ynsetber op de maraton.

De oare Fryske skeelerynbring bestiet út Janneke Hut, Jan van Loon, Jan Ronald Wigarda en Nienke Stenekes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)