Willem de Vries wint Gouden Sadel Award

23 nov 2014 - 10:48
  • Willem de Vries
  • Gouden Sadel Award

Omrop Fryslânpresintator Willem de Vries hat de Gouden Sadel Award wûn. Hy krijt de priis omdat er in soad docht foar de Fryske muzyk. Alle middeis presintearret hy troch de wike it radioprogramma Noardewyn mei dêryn in soad omtinken foar live-muzyk mei optredens fan tal fan artysten.

De priis is sneontejûn útrikt by it Frysk Bloed festival yn poppoadium Iduna yn Drachten. It is in inisjatyf fan de Fryske band De Sadelrûkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)