Willem de Vries falt net yn de prizen by NL-Awards

25 mrt 2015 - 19:34

It is radiopresintator Willem de Vries fan Omrop Fryslân woansdeitejûn net slagge om in NL-Award yn de wacht te slepen foar syn muzykprogramma Noardewyn Live. De Vries wie mei noch twa kandidaten nominearre foar de kategory 'Radio faria'.

De NL-Awards binne útrikt op de ROOS-dagen, it kongres fan alle regionale omroppen, yn Ermelo. Yn totaal wiene der 27 radio- en televyzjeprogramma's fan regionale omroppen nominearre, ferdield oer ferskate kategoryen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)