Willem-Alexander is no kening

30 apr 2013 - 10:24
  • Beatrix ûndertekenet de akte fan abdikaasje
  • Prinsesse Beatrix mei kening Willem-Alexander
  • Abdicatie op TV

Keninginne Beatrix hat tiisdeitemoarn yn it Keninklik Paleis op de Dam ôfstân fan de troan dien. Sy ûndertekene de akte fan abdikaasje. Willem-Alexander waard dêrmei de nije kening.

Op it stuit dat Beatrix har hantekening sette, waard sysels prinsesse en har âldste soan kening. Oanslutend setten 31 tsjûgen ek harren hantekening ûnder de akte. Letter op de dei wurdt kening Willem-Alexander ynhuldige yn De Nieuwe Kerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)