Willem-Alexander iepene Wetsus

17 sep 2004 - 10:27

Prins Willem-Alexander hat tongersdei Wetsus yn Ljouwert iepene. Wetsus is in wetterûndersyksynstitút. Troch in knop om te draaien soarge de prins derfoar dat enerzjy tafoege waard oan wetter yn in buis. It wetter kleure helderblau.

Neffens Margreeth de Boer is dat symboalysk. Troch enerzjy yn ûndersyk nei wetter te stekken is de takomst moai kleure. De Boer is foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan it ynstitút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)